Actueel

hy sjocht himsels

yn 'e wetterput

 

achter him stiet de wolf

hy skriemt him dea

 

de slûchslimme

hy wie altiten immen oars

syn gesicht blanko

 

wat er timmere doe

dat wie in hynder

grutter as de himel

 

it rook nei nullebeammen

dy nacht

de tempels wienen

sûnder goaden

dy nacht

wie it

stjerrende

net wier

dat se wûnen

 

dat bern deagienen

dat in mem it deiljocht ferflokte

 

yn it skaad fan de wolf

is de moanne fan iis

 

hy kin net oerein komme

 

Uit de bundel Delta, de cyclus 'Penelope komt net mear thús' 

 

 

 

 

 

Wat is er te beleven

September

 

 

 

 

 

 

 

Oktober